Remove the row

Column: 1

Column: 2

Hitty van der Hout

Krekt wat foar ús doarp, tocht ik: meidwaan mei in Under de Toer-projekt fan LF2018. Dat wie hjerst 2016. Ut de knipseldoaze kaam in krantestikje mei Baukje Broekstra mei it ferhaal fan har heit dat der in grêf fan Antje van Uylenburgh ûnder de flier yn tsjerke wêze soe. Wat hat dit no al fan gefolgen hân? Wy witte no folle mear fan de Van Uylenburghs ôf: in lêzing oer Antje har man Jan Maccovius, in teatrale doarpskuier yn maaie dit jier, konserten fan de Poalske topband Kroke en in protte gesellichheid by de dielnimmers oan it projekt. Wy geane no noch foar acht foarstellingen yn oktober. Wat sille wy mei it grêf fan Antje? Ik sjong en spylje no ek wer mei en wol net dat men de flier iepenmakket.