Remove the row

Column: 1

Column: 2

Katy van der Zwaag 

Ik bin in waldpyk en altyd yn foar kreatieve saken.
Myn taak is om de omballingen byelkoar te fandeljen en minsken en bedriuwen te benaderjen om hun materiaal en/of sichsels as persoan beskikber te stellen foar it stik.
Dat is spannend en moai as it slagget.
Soms moat der in frachtwein of in brandweerauto komme en as minsken dan mei wurkje wolle, krij ik altyd einefel. Dizze minsken en bedriuwen meitsje it ferskil.
Fierder bin ik as figurant in hiel leauwige frou yn it stik en wol dit witte litte ek!
Prachtich om samar troch de spilers hinne te roppen.
By in oantal iepenloftspullen sa as ‘Blankenberge’ en ‘De Bodemloze Put’ mocht ik Hans en Simone assistearje mei de omballingen.
Dat foldocht altyd tige en it smakket nei mear, it is stress en dochs in feestje!
Meiinoar as dorpsgenoten gearwurkje is ek hiel moai, we ha in soart wille, prachtich!