Remove the row

Column: 1

Column: 2

Jan v.d. Zwaag

Ik spylje Rienk Kuipers.
In kapitaalkrêftige man mei in wichtige funksje yn it doarp.
Der wurdt by him opsjoen. Hy besiket yn alles gelyk te krijen, wat him fansels net altyd yn tank ôfnommen wurdt.
Hy knypt de kat en wolris yn it tsjuster…. Syn frou Sjouk hat it net maklik mei him.
It is net in man sûnder lek en brek.
Mei dat alles te witten is it wol in útdaging om dit type te spyljen.
Wat is it prachtich om mei te dwaan oan sa’n projekt as Yn it Skaad fan ‘e Toer yn Ryptsjerk.
En mei allegearre entûsjaste minsken ûnder lieding fan in besiele regisseur Hans van Buuren en de betûfte kommisje Simone, Hitty en Pytsje foar de omballingen.
It Maaitiidsevenmint is in grut súkses wurden, ik hoopje dat dit 2e part ek in Topper wurdt, dêr’t noch yn lengte fan jierren oer praat wurde sil.
Ik ha der sin oan.