Remove the row

Column: 1

Column: 2

Wytske Kooistra.

Yn it stik bin ik Sjouk Kuipers. Ik bin frijwilliger, fiel my hiel ferantwurdelik foar it doarpshûs, bin behearder en stjoer de minsken oan. Ik wol graach tusken de minsken stean en in hechte mienskip opbouwe mei jong en âld. Myn man Rienk is in grutske man, hy hâldt net altyd rekken mei de oaren yn it doarp. Sjouk besiket de juste balâns te finen dat de minsken it goed mei elkoar hawwe yn it doarp en harren doarpshûs.

Ik fyn it geweldich om mei te dwaan oan Yn it skaad fan ‘e toer omdat it fan ús doarp is. Troch mei doarpsgenoaten in stik te meitsjen, leare wy elkoar op in oare manier kennen en dat fyn ik it moaiste fan it hiele tonielproses. Nei it foarpriuwke fan it Maaitiidsevenemint is de animo om mei te dwaan allinnich mar grutter wurden.